Toanielferiening
Aldegea

Op 'e Nij Bigoun

It Kistke 2018

Maart 2018 spylje wy it stik:

 

It Kistke

Skreaun troch Wimpy de Vries dy`t ek de rezjy yn hannen hat.

 

It stik giet oer in âlde omke dy `t himsels wat ferwaarleazet. Wol hat er in hiele leave húshâldster.
Op in jûn binne twa manlju oan it mudze jeien mei harren stabijhûntsje. De murd fljucht omke `s dak op, de hûn der efter oan.
No kin it dak de murd wol ferneare mar de hûn net en dy ploft by omke yn `e keamer.
De famylje fynt dat it sa net kin en wolle him nei in âlderein te hûs ha. En dêr komt er ek. Krekt even, want omke kin him mar dreech oanpasse.
Sa lit er him wolris in prûmke ûntkomme op `e gong en pisset er wolris oer it balkon.
De famylje is poer mar hja witte dat Omke altiten hiel heimsinnich docht oer syn jildkistke.
Elk fan de famylje siket op eigen wizen nei dit kistke. Sy binne tige wantrouwend tsjin oer elkoar.

 

Affiche It Kistke

 

Pagina 1 It Kistke blaadje

Pagina 2 It Kistke blaadje

Pagina 3 It Kistke blaadje

Pagina 4 It Kistke blaadje

Pagina 5 It Kistke blaadje

Pagina 6 It Kistke blaadje

Pagina 7 It Kistke blaadje

Pagina 8 It Kistke blaadje