Toanielferiening
Aldegea

Op 'e Nij Bigoun

Histoarje

TOANIELLEAFHAWWERS

Toanielferiening OP `E NIJ BIGOUN waard oprjochte op 22 maart 1947 ûnder in gearkomste yn it kafee fan Wietse Mulder. Dy Saterdei jûns wienen der 23 persoanen oanwêzich. It wie in feriening wêr `t men net allinnich ien of twa kear in toanielstik foar de fuortljochten brocht mar wêr `t men boppedat 4 oant 5 x winterjûnen fersoargen om sjen te litten hokfoar kreative talinten der yn Aldegea omrûnen.
De Brùnsma famyljes `s en de Wellings wienen de driuwende kreften fan de feriening en dat dy bliken yn it fjirtich jierrige bestean fan Op `nij begoun. Doe waard Sjoerdsje Welling yn it skynljocht set en huldige om `t hja 40 jier aktyf west hat as bestjoerslid.
Mar net allinnich Sjoerdsje wie jierren lang aktyf der wienen ferskate doarpsgenoaten jierren efter elkoar nau belutsen by de feriening. As earste regisseur fungearre predikant ds. Bijleveld. Dêrnei binne der ferskate spullieders dwaande west.
Op è list haw ik ûnder oare stean de earder ferneamde Ds Bijleveld. Mar hoe lang hy de stikken regissearre hat is net altiten dúdlik te finen yn de notulen. Wol is bekend dat it haad fan de skoalle, Jan Dijkstra eartiids ek gauris in stik mei yn elkoar set hat.
Om mear nammen te neamen û.a.Bjinse Westra, de Heit fan Rinze Westra. Rinze Westra hat syn earste toaniel ûnderfining krige by Op’e nij begoun. Roel de Boer út `Pein hat der in pear jier west.
Yn 1969 hat Peter Tuinman de regy ek ris dien mei it stik; “De dochters fan myn baas”. Ien fan ús earste leden die doe ek mei mar har beskie wie dat Peter syn tiid fier foarút wie, “it gie súver te mâl”. Dan hat Piet de Vries fan Drachten jierren de toutsjes yn hannen hân. Mei elkoar hat er 13 winterskoften by ús west. 9 stikken hie er sels skreaun, wêrfan Dokkumer kofje in grut sukses wie. De spilers gongen rûnom hinne om it stik op te fieren en....dat wie mar goed ek want yn dy tiid wie de boaiem fan skatkiste hast te sjen.
Fanôf 1995 wie it 3 jier Hots Karsten.
Yn 1997 hienen wie in Iepenloftspul fanwege it 50 jierrich bestean fan ús toaniel. Dit wie in grut sukses ûnder lieding fan Froukje Túnstra. It stik waard skreaun troch Bertus Klazinga.
Yn 1999 hat Frida Ijselstein de regy yn hannen hân en fanôf 2000 Wimpy de Vries. Dy hat dêr 10 stikken regissearre en yn 2007 it iepenloftspul Hektor. Hy wie ek de skriuwer fan it stik. Dit wie ter eare fan it 60 jierrich bestean.
Yn tuskentiid, yn 2005, hat Afke Toren in jier by ús tsjinne.
Yn 2012 wie it Anja Steegstra fan Grou en de lêst twa jier is Arnold Dijkstra út Jirnsum de spullieder.
Aldegea spilet yn trochsnee yn de by út stek klasse. Wy hienen wolris in min jier
dat wie sakken nei de earste klasse mar wie ha ek wol útsjitters hân nei de eareklasse.

 

Toanielselskip "Stypje Us", Aldegea 1918
Stypje Us
Achter v.l.n.r.: Fokke Veenstra, Anna v.d. Heide, Hans G. Welling, Fetje v.d. Heide, Wietse G. Welling en Lambertus de Jong
Midden: Trijntje Wijmenga, Japke Wijmenga, Dirkje v.d. Heide en Aaltje de Jong
Voor: Duurtje Mud, Anne Kloosterman, Tjitte de Vries, Haaije v.d. Heide en Elizabeth de Jong