Toanielferiening
Aldegea

Op 'e Nij Bigoun

Op `e nij Bigoun spilet kommende winter it stik:

 

In Saaklike Affêre

in blijspul skreaun troch Alan Ayckbourn.
Oarspronklike titel is: “How The Other Half Loves”.

 

Bouwe hat in slûperke makke mei Fokje, de frou fan syn baas. As harren echtgenoaten nitelige fragen stelle, betinke se gau in aliby. Bouwe wie by Willem en Fokje by Maaike. Oant safier neat oan ‘e hân. Mar dan komme Willem en Maaike ynienen hiel gesellich op besite. En dan is it: rêde wat der noch te rêden falt… In saaklike affêre is in ûnwjersteanbere geastige relaasjekomeedzje, wêryn’t de perikelen fan trije echtpearen op in orizjinele manier mongen wurde. Ayckbourn lit him yn dit stik fan syn meast humoristyske kant sjen en dat moat wol in net te missen foarstelling wurde. In top teaterjûn! In saaklike affêre is in geastige relaasjekomeedzje, wêryn’t de perikelen fan trije echtpearen op in orizjinele manier mongen wurde.

 

Affiche 2017 In Saaklike affere