Toanielferiening
Aldegea

Op 'e Nij Bigoun

Febrewaris 2020 spylje wy it stik:

 

Lang sille se libje

Rezjy troch Brecht Wassenaar.

 

It stik “Lang sille se libje”giet oer twa stellen dy’t mei elkoar yn’e kunde komme, om’t de ien in auto ferkeapet, en de oar in auto keapje wol.

Alle bedriuwen hat der immen syn/har jierdei en geandewei it stik sjogge we personaazjes wrakseljen mei it libben, mei elkoar en mei harsels. Eins binne se allegear op syk nei erkinning. Op harren eigen wize besykje se it dan ek sa ‘goed’ mooglik te dwaan, mar dat slagget lang net altyd.
Vera, dy’t mear en mear fuortsakket yn in depresje en om help freget, mar in man hat (Ben) dy’t alles fuort laket en net fuort te slaan is út’e garaazje. En dan fansels noch de skoanmem van Vera, Lysbeth, dy’t it har ek net maklik makket.
By it oare stel rint it al like min. De relaasje van Oene en Tryntsje is al lang net mear wat it west hat, en harren soan Dicky is it ienige wat se noch oan elkoar bynt.

“Lang sille se libje” is in fleurich stik oer minsklike wrakselingen, ûngemaklike situaasjes, mislukte jierdeifeestjes en fleanende taarten.

Komme jim ek mei ús JIERDEI fieren?

 

Lang sille se libje flyer

 

Lang sille se libje side 1

Lang sille se libje side 2

Lang sille se libje side 3

Lang sille se libje side 4

Lang sille se libje side 5

Lang sille se libje side 6

Lang sille se libje side 7

Lang sille se libje side 8